Teloarstellend WK foar Postma

21 sep 2014 - 16:51
  • Pieter-Jan Postma

Siler Pieter-Jan Postma is der dit wykein by it WK silen yn it Spaanske Santander net yn slagge om de medalrace yn de Finn-klasse te heljen. In tsjinfaller foar Postma, dy't him dêrmei ek noch net kwalifisearre hat foar de Olympyske Spelen fan 2016.

De WK-winst yn de Finn-klasse wie foar Giles Scott út Ingelân. It sulver wie foar de Kroaat Ivan Kljakovic Gaspic. Edward Wright út Ingelân pakte it brûns.

Earder dit jier makke Pieter Jan Postma koart in útstapke nei it Volvo Ocean Race. It doel wie om as bemanningslid oan board te kommen by Bouwe Bekking fan de Brunel-ploech. Postma waard lykwols net selektearre. Mooglik dat dizze ûnderbrekking yn de tarieding op it WK silen oarsaak is foar de tsjinfallende prestaasje yn Spanje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)