Ynbrekker kroech falt yn sliep

21 sep 2014 - 14:45
  • Ynbraak

Yn Skearnegoutum is in 24-jierrige man yn sliep fallen yn de pleatslike kroech. De man, sels ynwenner fan it doarp, hie nei slutingstiid ynbrutsen yn de kroech en foel fuortendaliks yn sliep. Yntusken gie by de eigener fan it kafee it alaarm ôf. Dy gie mei de plysje nei syn kroech en trof de sliepende 'gast' oan. De man is oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo.

Wêrom't de man de kroech yn gie en dêr yn sliep foel, is ûndúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)