Poal rydt Lemster tún yn

21 sep 2014 - 14:20

In automobilist út Poalen hat yn de nacht fan sneon op snein safolle dronken dat er mei syn auto yn in tún bedarre. De 23-jierrige man ried op de Seedyk op De Lemmer doe't er tsjin in lampepeal klapte. Troch de klap ried er dwers troch in stek hinne en bedarre yn in tún. Op it plysjeburo die bliken dat de man bot oer syn teewetter wie. It hege promilaazje is nammentlik goed foar in boete fan 1500 euro.

Ek is de man njoggen moanne syn rydbewiis kwyt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)