Plysje trapearret ynbrekkers

21 sep 2014 - 13:51

Op It Hearrenfean binne yn de nacht fan sneon op snein twa manlju op 'e die trapearre neidat se ynbrutsen hiene. Plysjes seagen it twatal op de Leeuwetand rinnen. Doe't de twa de plysje seagen, smieten se guod fuort en naaiden se út. Nei in achterfolging binne beide oanhâlden.

Op strjitte fûn de plysje in blêdblazer, in elektryske hageskjirre, in kettingseage en ynbrekkersark. By it fûillearjen kamen noch tsien wikkels harddrugs út 'e bûsen fan ien fan de manlju. Al it guod is yn beslach naam. De manlju sitte fêst.

It giet om in 23-jierrige ynwenner fan It Fean en in 26-jierrige man sûnder fêst wen- of ferbliuwplak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)