Nij: LobbyFriesland.nl

21 sep 2014 - 12:46
  • Rendert Algra: "De provinsje hat net om in oplossing socht, mar tiid ferlummele."

In nije lobbyklup moat der foar soargje dat Fryslân mear binnensleept yn Den Haach en Brussel. Seis lobbyisten mei in soad ûnderfining hawwe de hannen ynien slein yn in nij netwurk. De klup bestiet ûnder oare út âld-keamerlid Rendert Algra en âld SNN-lobbyist Henk Postma.

Mei de namme LobbyFriesland wolle se foar de Fryske gemeenten, de provinsje en it bedriuwslibben oan de slach. Neffens harren hellet Fryslân op it stuit net genôch binnen. Oare provinsjes binne folle better yn it lobby-wurk yn de Twadde Keamer en it Europeesk Parlemint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)