Zijlstra wol Rutte opfolgje

21 sep 2014 - 12:19

VVD-fraksjefoarsitter Halbe Zijlstra is ree om Mark Rutte op te folgjen as VVD-lieder. 'Ik sis gjin nee, as ik frege wurdt', sei Zijlstra snein yn tv-programma WNL op Zondag. Zijlstra is no twa jier foarsitter fan de VVD Twadde Keamerfraksje. Dêrfoar wie er keamerlid en steatssiktaris. Zijlstra fielt lykwols neat foar in striid om it liederskip fan de partij mei in oare mooglike gadingmakker as minister Edith Schippers.

As Zijlstra partijlieder wurdt is de VVD de tredde partij yn de Twadde Keamer mei in fraksjefoarsitter fan Fryske komôf.

Zijlstra groeide op yn Easterwâlde. Diederik Samsom (PvdA) siet yn Ljouwert op skoalle, Sybrand van Haersma Buma (CDA) groeide op yn Warkum.

Trefwurden: 
VVD Halbe Zijlstra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)