SC Hearrenfean: punt yn Arnhem

20 sep 2014 - 23:25
  • Mark Uth

Sportklup Hearrenfean hat foar de fiifde kear op rige in lykspul helle yn Arnhem tsjin Vitesse. De thúsklup hie it measte balbesit en krige de bettere kânsen, mar Hearrenfean kaam yn de 23e minút op foarsprong troch in geweldige kûgel fan Mark Uth yn it dak fan de goal fan Vitesse. Sân minuten letter foel de lykmakker, in skot fan Davy Pröpper.

De twadde helte wie fan it stoarm en ûnwaar fuotbal, in doelpunt koe oan beide kanten falle. Mar de goal foel net. SC Hearrenfean hat no 11 punten út 6 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)