SCO pakt spektakulêre winst

De kuorballers fan SCO hawwe sneon in spektakulêre 19-18 oerwinning op DOS '46 pakt. Op it sportfjild yn Aldeholtpea namen de gasten út Nijeveen fan begjin ôf oan de lieding en rûnen út nei in 10-2 tuskenstân. Foar rêst wist SCO de skea wer wat yn te heljen oant in 12-7 rêststân, noch altyd yn it foardiel fan DOS '46.
Nei rêst begûn de ploech fan trainer Aegle Frieswijk oan in geweldige ynhelrace. By in 17-17 stân pakte SCO in 19-17 foarsprong. In strafworp foar DOS '46 yn de slotsekonden brocht de einstân op it boerd.