Floatskou fan Valken yn Grou

Omdat 75 jier lyn it earste model fan de Valk ûntworpen waard, kamen eigeners fan dizze ferneamde houten sylboaten sneon byinoar foar in sylwedstriid yn Grou. In float fan leafst 112 Valken is neffens kenners in rekôr. Oant 1941 binne mei-inoar 250 houten eksimplaren fan it Valk-model makke. Sûnt 1970 wurdt de sylboat ek yn polyester produsearre en is de Valk benammen populêr by sylskoallen.
Ien fan de jubileumaktiviteiten dit wykein wie de offisjele floatskou, dy't ôfnommen waard troch de Fryske kommissaris fan de Kening John Jorritsma.