Winst foar Drachtster Boys

20 sep 2014 - 16:22
  • Trainer Fred de Boer fan Drachtster Boys

Drachtster Boys pakte sneon in swierbefochten 2-1 oerwinning op Staphorst. Op eigen fjild hienen de Drachtsters it noadige gelok oan harren kant. Oant twa kear ta ûntsnapten de Boys oan de iepeningstreffer fan Staphorst, om't de latte de bal keare koe.

Nei rêst wie it wol rekke foar Staphorst en moasten de Boys op jacht nei de lykmakker. Dy kaam yn de 62e minút op namme kaam fan Willem de Jong, dy't in penalty binnenskeat. Peter Jansen Klomp fersulvere yn de 70e minút in knappe foarset fan Kevin Bakels en soarge dêrmei foar de oerwinning.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)