Boalsert naait der op los

Yn Boalsert wurdt besocht om yn it Guiness Book of Records te kommen. Under de namme 'Boalsert naait derop los' besykje Boalserters om mei-inoar de langste lape fan de wrâld te meitsjen. In notaris sil oan it ein fan sneontemiddei besjen oft de poging ek slagge is. Dêrnei wurdt de lape mei help fan in heechwurker yn it sintrum fan de stêd oan it publyk toand.
Der is foar safier bekend noait earder besocht om in 'langste lape' fan de wrâld te meitsjen.