Jild foar Maria Louisejier

Keramykmuseum Prinsessehôf yn Ljouwert
It Prins Bernard Kultuerfûns Fryslân hat hast 60.000 euro subsydzje beskikber steld foar ferskate kulturele projekten yn de provinsje. It jild wurdt ferdield ûnder 29 inisjativen. Ien dêrfan is de Amelanner keunstmoanne. De organisaasje krijt 5.000 euro om yn novimber in eksposysje op te setten mei 70 keunstners.
Ek is der jild jûn oan in inisjatyf foar in muorreskildering fan de neikommelingen fan Maria Louise van Hedwig Kassel, ek wol bekend as Marijke Muoi. Takom jier is it Maria Louisejier yn Ljouwert.