Drachtster driget mei mes

20 sep 2014 - 13:02

In 17-jierrige Drachtster is freedtejûn yn syn wenplak oppakt omdat er op De Kaden ien mei in mes bedrige hat. De jonge naaide nei de bedriging út en waard yn it Reidingpark achterhelle. De plysje krige dêrby help fan meiwurkers fan de hoarekasaak dêr't de fertochte drige hat. By de arrestaasje waard lykwols gjin mes oantroffen.

It slachtoffer fan de bedriging is nei it insidint ek útnaaid, de plysje is noch nei him op syk.

Trefwurden: 
mes bedriging kaden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)