Bosk & Greide nei de rjochter

20 sep 2014 - 12:09

Agraryske natuerorganisaasje Bosk & Greide stapt nei de rjochter om foar te kommen dat de provinsje de jildkraan tichtdraait. Bosk en Greide wurket al sûnt de jierren njoggentich oan nije natoer yn Gaasterlân. Dat projekt rint noch oant 2018. Troch de subsydzje no stop te setten driget it projekt te mislearjen, seit bestjoerslid Anne Gersjes fan Bosk & Greide.

It projekt is unyk omdat boeren en partikulieren mei-inoar oparbeidzje om nije natoer op te setten. Yn 2018 soe it projekt evaluearre wurde. De rjochtsaak is op 1 oktober.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)