Elektrysk ride op 'ynstapdei'

20 sep 2014 - 12:04

Wa't in kear fiele wol hoe't it is om mei in elektryske auto te riden, moat der sneon by wêze. Troch it hiele lân stelle eigeners harren auto's foar ien kear beskikber. Natoerorganisaasje Natuur en Millieu hat dizze lanlike ynstapdei foar elektryske auto's opset om mear bekendheid te jaan oan de foardielen fan elektrysk autoride.

Yn Fryslân binne der trije eigeners dy't minsken in proefrit meitsje litte yn Gytsjerk, Drachten en Koudum. Mear ynformaasje is te finen op www.instapdag.nl.

Trefwurden: 
auto elektrysk ride ynstapdei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)