Learlingen himmelje skoallen

20 sep 2014 - 11:17
  • Learlingen himmelje skoallen yn Snits

Ald-learlingen fan it passend ûnderwiis yn Snits sille harren eigen skoallen skjinmeitsje yn it projekt Samen Sterk voor Schone Scholen. Dizze gearwurking tusken skoallen, de sosjale wurkfoarsjenning en skjinmakbedriuwen moat der foar soargje dat learlingen fan it praktykûnderwiis mear kâns krije op in reguliere baan. Dat wurdt hielendal needsaaklik as takom jier subsydzjes fuortfalle op de sosjale wurkfoarsjennings.

Learlingen krije in baan oanbean op deselde skoalle, dêr't se it ferplichte skjinmakkers-sertifikaat helle hawwe.

.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)