'Stipe foar krimp-asylsikers'

Krimpgebieten yn Fryslân dy't asylsikers opheine, moatte dêrfoar in finansjele temjittekomming krije fan it Ryk. Dat sei steatssiktaris Fred Teeven fan Feilichheid en Justysje freed. Teeven is foarstanner fan it opheinen fan asylsikers mei in status yn regio's dy't te meitsjen ha mei krimp, lykas Noardeast-Fryslân.
Teeven fynt it ridlik dat dy gemeenten finansjele stipe krije, omdat se ek kosten meitsje. Boppedat sitte asylsikers relatyf faker yn de bystân, en ek dat kostet de gemeenten jild.