Betinking slachtoffers geweld

Sneon wurdt stilstien by de slachtoffers fan sinleas geweld. De jierlikse betinking is yn Grins. Frans Kloosterman út Boyl is foarsitter. Kloosterman, yn it deistich libben wethâlder yn Weststellingwerf, wie ek belutsen by de earste edysje fan de betinking, yn 2011 yn De Wijk. Keninginne Beatrix wie dêr doe ek by.
De betinking yn Grins bestiet út ferskate taspraken en in tocht troch Grins. Dielnimmers drage njoggen linten mei. Dêrop stean 291 nammen fan slachtoffers, lykas ûnder oaren Marianne Vaatstra, Ida Klijnstra en Marinus Ooms.