Winst froulju Drachtster Boys

20 sep 2014 - 00:33
  • De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys

De fuotbalfroulju fan Drachtster Boys ha de earste thúswedstriid fan it nije seizoen wûn fan Reiger Boys. Yn Drachten wie de ploech fan trainer Jos Alkema mei 4-2 te sterk foar de promovendus út Heerhugowaard.

De Drachtsters setten goed útein troch twa flotte goals fan Brenda Eefting en Esther van Toledo. Doe't Eefting noch foar it skoft de 3-0 makke like de wedstriid spile, mar Reiger Boys kaam sterk werom yn de twadde helte. Jaimy Visser skoarde 3-1, Drachten wankele, mar in penalty fan Esther van Toledo luts de wedstriid oer de streek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)