TinQ-pomp ferwikselet brânstof

By tankstasjon TinQ yn Boalsert is disel yn de benzinetank bedarre. In soad auto's hawwe dêrtroch skea oan de motor om't de bestjoerders de ferkearde brânstof tankt hawwe. It tankstasjon is no earst ticht foar ûndersyk.
In tankwein is nei it pompstation kaam om de disel wer út de benzinetank te pompen. It is op dit stuit noch net wis hoefolle auto's oft der krekt skea oprûn hawwe troch de flater. TinQ hat de belutsen minsken wol in mail stjoerd mei ekskuses.