VVD-fragen oer gedrachskoade

© Omrop Fryslân
VVD Fryslân is ferbjustere oer de positive reaksje fan it Ynterprovinsjaal Oerlisorgaan (IPO) op de gedrachskoade 'Draagvlak en participatie' oer wynenerzjyplannen op it fêste lân. Dy is opsteld troch de wynsektor en natoer- en miljeu-organisaasjes.
It IPO stelt dat de koade in stap yn de goede rjochting is om de wyndoelstellings te heljen. Omwenners fan wynplangebieten fine lykwols dat harren stim net heard is yn de gedrachskoade. De VVD hat skriftlike fragen steld oan it kolleezje oer de reaksje fan it IPO.