Winkeldieven út Drachten fêst

© Omrop Fryslân
De plysje hat woansdeitemiddei twa froulju fan 34 en 30 jier út Drachten oanholden foar stellerij út ferskate winkels. De fertochten waarden trappearre doe't se woansdei út in winkel ruften en sjippe meinamen.
Tsjûgen koenen in sinjalemint en it kenteken fan de auto jaan, wêrnei't de plysje it dieveduo efkes letter oanhâlde koe. Yn de auto waard it stellen guod fûn. In 23-jierrige man út Drachten is ek oanholden op fertinking fan belutsenens by de stellerij.
It trijetal wurdt ek fertocht fan winkeldieverij yn Assen en Meppel, earder dit jier. Dêrby waarden berneweinen en in maxicosy meinaam. Yn it hûs fan de fertochten is it stellen guod weromfûn en yn beslach naam. De 34-jierrige frou hie boppedat noch in straf ûnder betingst iepen te stean fanwege eardere oertredings.