Gameburo falt yn de prizen

© Omrop Fryslân
It Ljouwerter gameburo Wild Sea is mei twa sels online games yn de prizen fallen by it Europeeske Chest Project. It giet om applikaasjes dy't feroaring bringe kinne yn de wize wêrop't minsken mei-inoar libje en wurkje yn Europa. De ynstjoerings waarden beoardiele troch besikers op in webside en in ûnôfhinklike sjuery.
It Ljouwerter buro krige prizen foar de game Beaky, in spultsje foar bern, en de applikaasje Fiorato, wêrmei't gelok en mentale sûnens metten en stimulearre wurdt.