Doarpstún Heech iepene

19 sep 2014 - 17:24

Mei jong en âld túnkje en bewege, dat kin yn de doarpstún fan Heech. De tún is freeedtemiddei iepene troch wethâlder Durk Stoker fan Súdwest-Fryslân en Olga Commandeur fan Nederland in Beweging. Sy ûntbleaten mei-inoar de namme doarpstún.

Heech wurdt, as it goed is, yn de takomst noch griener, want de doarpstúnkers hawwe noch in soad ambysjes. Sa wolle se de auto's fan it doarpsplein hawwe en yn plak dêrfan ek dêr in tún oanlizze mei blommen en griente en fruit.

Trefwurden: 
Heech griente fruit doarpstún
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)