Frjentsjerpromoasje trochsette

19 sep 2014 - 16:36
  • Frjentsjer

De subsydzje foar de promoasje fan Frjentsjer en omkriten moat net omleech. Dat stelt it kolleezje fan b. en w. It kolleezje en de pleatslike ûndernimmers binne tige te sprekken oer de stedspromoasje, dy't sûnt de ynfiering fan it ûndernimmersfûns yn 2011 op in heger nivo kaam. De subsydzje foar Stichting Ster van de Elfsteden moat dan ek net nei ûnderen bysteld wurde.

It kolleezje stelt de ried foar om de stedspromoasje foar in part te beteljen út de ûnreplik saakbelesting. Yn oktober nimt de ried in beslút oer dit foarstel.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)