Rjochtbank: bytsje betrouwen

It personiel fan de rjochtbanken yn Ljouwert, Grins en Assen hat net folle betrouwen yn harren lieding. Dat blykt út in yntern ûndersyk ûnder meiwurkers dat RTL yn hannen krigen hat. It bestjoer fan de rjochtbank krijt fan de meiwurkkers in 3,6 foar betrouwen. De ôfdieling strafrjocht skoart mei 2,9 noch minder. Foaral op it mêd fan kommunikaasje, ít belûken fan it personiel by it belied en kennis fan de wurkflier krijt de lieding in ûnfoldwaande.
It bestjoer fan de rjochtbank wol it personiel fan Ljouwert en Assen dêrom nei Grins ferhúzje, om sa mear skot yn 'e saak te krijen. De rjochtbank Noard-Nederlân seit yn in reaksje dat it ûndersyk hiel farsk is en earst noch goed besjoen wurde moat. Pas dêrnei komt der mooglik in ynhâldlike reaksje.