'Gewoan Lutz' begjint kampanje

19 sep 2014 - 15:21

Fleurich en krêftich. Twadde Keamerlid Lutz Jacobi sette freed op dy wize útein mei har kampanje foar it listlûkerskip fan de PvdA yn de steaten. Se giet de striid oan mei Jannewietske de Vries en Roel de Jong. Mei in eigen liet besiket se de PvdA leden achter har te krijen.

Foar it provinsjehûs, hast ûnder it rút fan deputearre en kandidaat-listlûker Jannewietske de Vries, sammelen Lutz en har oanhingers har foar de start fan de kampanje. Op 6 oktober sil dúdlik wurde oft de kwaliteiten fan Jacobi genôch binne om listlûker te wurden.

Letter op de middei presintearren Jacobi en de De Jong harren kandidatuer by de senioaren fan de PvdA. Der komme ek noch twa debatten tusken de trije kandidaat-listlûkers Jacobi, De Jong en Vries. Oanslutend meie de PvdA-leden bepale wa't listlûker wurdt.

Trefwurden: 
PvdA Lutz Jacobi listlûker
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)