Hearrenfean wer sûnder Larsson

19 sep 2014 - 14:53

Sportklub Hearrenfean sil sneon yn de útwedstriid tsjin Vitesse nei alle gedachten mei deselde spilers begjinne as yn de wedstriid tsjin AZ fan ferline wike. Dat betsjut dat Sam Larsson noch hieltiid net fit is. Morten Thorsby sil as linksbûten opnij syn ferfanger wêze.

Larsson kaam mei klachten oan syn knibbel werom fan in ynterlân mei Jong Sweden, mar hat no lêst fan syn skambonke. Ek op Jeroen Lumu kin coach Dwight Lodeweges noch gjin berop dwaan. Lumu traint noch apart fan de groep en werstelt fan in blessuere oan syn ljisk.

De ferwachte opstelling foar no sneon: Nordfeldt; Marzo, Buijs, Van Aken, Van Anholt; De Roon, Van den Berg, Sinkgraven; Slagveer, Uth en Thorsby.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)