Feriening ûnderhâldt sleatten

19 sep 2014 - 12:40
  • De natuerferiening sil de sleatten ûnderhâlde foar in finansjele fergoeding

Wetterskip Fryslân hat it ûnderhâld fan de wettergongen yn de Grutte Feanpolder oerdien oan de Agraryske Natuerferiening Weststellingwerf. It giet om in proef fan twa jier. It wetterskip betellet de feriening foar it ûnderhâld. Takom wike wurdt hjirfoar in kontrakt ûndertekene. Wetterskip Fryslân eksperimintearret op mear plakken yn de provinsje mei lokale partijen dy't stikken natuer ûnderhâlde.

Op dizze wize wurdt de befolking mear belutsen by it wurk fan it wetterskip, sa hopet Wetterskip Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)