Wurk oan N31 Harns kin los

19 sep 2014 - 12:24
  • De kontraktpartijen fan de nije N31 troch Harns

Oer trije jier hoege automobilisten net mear te wachtsjen foar de brêge yn de N31 oer it Van Harinxmakanaal. De brêge wurdt ferfongen troch in akwadukt en sadwaande kin dan trochriden wurde. Ek ferdwynt de hiele wei yn de grûn, wêrtroch Harns net mear yn twaen spjalten wurdt, sa as no noch it gefal is.

Bouwer Ballast Nedam realisearret it projekt yn oparbeidzjen mei spoarbehearder Prorail. It folsleine projekt kostet mei-inoar 150 miljoen euro. Dêrfan is 84 miljoen foar de bou fan de autodyk.

Freed waarden hjirfoar troch de belutsen partijen de kontrakten tekene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)