Snein huldiging Marit

19 sep 2014 - 12:13
  • Marit Bouwmeester pakt it goud op it WK

Sylster Marit Bouwmeester wurdt snein huldige yn har wenplak Warten. Bouwmeester waard tongersdei foar de twadde kear wrâldkampioen yn de Laser Radial klasse op it wrâldkampioenskip yn it Spaanske Santander. Foar it doarp is dat oanlieding om wat foar de wrâldkampioene te organisearjen.

Bouwmeester komt snein om fiif oere mei de boat oan by restaurant de Kok en de Walvis. De binne in tal sprekkers regele en dêrnei is it feest yn Warten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)