Restauraasje Wetterpoarte ree

19 sep 2014 - 11:02

De restauraasje fan de Wetterpoarte yn Snits is klear. Freedtemiddei wurde de wurksumheden ôfrûne mei it pleatsen fan de wynwizer op ien fan de tuorren. Dêrom stiet de Wetterpoarte noch efkes yn de steigers. By de grutte stoarmen fan ferline jier rekke ien fan de tuorren skansearre en bruts de wynwizer ôf.

Om it wer goed te werstellen moast in part fan de toer ôfbrutsen en opnij opmitsele wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)