Drugsdealers pakt yn Ljouwert

19 sep 2014 - 06:48

De plysje hat tongersdeitejûn twa drugsdealers oppakt op it stasjon yn Ljouwert. It giet om in man fan 24 út Rotterdam en in 46-jierrige frou út Snits. By de arrestaasjes is heroïne, kokaïne en jild yn beslach naam. De plysje sette útein mei in ûndersyk nei ferskate klachten oer oerlêst.

Dat ûndersyk giet noch troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)