Slauerhoff-grêfstien werom

18 sep 2014 - 21:52
  • Betinkplak fan de famylje Slauerhoff op it begraafplak yn Huzum

De grêfstien fan de heit en mem fan de ferneamde Ljouwerter dichter Jacob Slauerhoff is werom op it âlde plak. Tongersdeitemiddei is de grêfstien wer op it Huzumer begraafplak yn de stêd pleatst. It hat desennia lang opslein lein yn it argyf fan de gemeente Ljouwert neidat it fuorthelle wie.

De Pleatslike Kommisje fan de Doarpstsjerke Huzum woe de stien graach werom hawwe op it begraafplak om't it neffens harren fan grutte histoaryske wearde is. It langste gedicht dat Slauerhoff ea skreaun hat giet oer de dea fan syn heit.

It hat mar leafst 34 kûpletten. Mei it foarlêzen fan in oantal fan dy kûpletten troch sjongeres Nynke Laverman waard de stien ûntbleate.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)