Stroom fan dûnsjende kij

Studinten fan Van Hall-Larenstein út Ljouwert hawwe in bysûnder ynnovatyf idee betocht. Kij dy't yn in stâl rinne soenen enerzjy opwekke moatte. De studinten waarden ynspirearre troch de fliertegels yn in diskoteek dy't enerzjy hellet út dûnsjende minsken. As dy tegels op in plak komme te lizzen yn in stâl dêr't in soad kij rinne, dan smyt dat in soad enerzjy op foar in melkfeebedriuw, sa tinke de studinten.
Op in grutte lânboubeurs yn Biddinghuzen presintearren de 3e-jiers studinten melkfeehâlderij de 'Koeiendans'.
Sy wolle no útsykje oft der in ekspirimint mooglik is.