Marit: 'Dit is de moaiste'

Marit Bouwmeester fynt de wrâldtitel dy't se tongersdei helle hat noch moaier as de foarige. 'Dit is sa moai, echt fantastysk. Trije jier lyn wie ik bliid, mar no bin ik better en kompleter.'
Bouwmeester is tongersdei foar de twadde kear yn har karriêre wrâldkampioen wurden yn de Laser Radial. Se hat har no ek pleatst foar de Olympyske Spelen fan 2016 yn Rio de Janeiro. 'Oh ja', sa reagearre Bouwmeester. 'Dat is ek sa. Wist, dêr wie ik hielendal net mei dwaande. Ik woe earst wer wrâldkampioen wurde, oars ha ik yn Rio neat te sykjen.'