Pakketklûs noch net yn Fryslân

© ANP
It duorret neffens pakkettsjinst Parcel4Me noch minimaal in healjier oant in jier foardat der yn Fryslân pakketautomaten komme te stean. Minsken kinne harren ynternetoankeap dan út in klûs helje, dy't yn in iepenbiere romte stiet. Pakketttsjinsten hoopje op dy wize miljeufreonliker te wurden. Der wurde sa minder kilometers makke as wannear't de pakketsjes by alle minsken thús ôflevere wurde moatte.
De automaten komme yn iepenbiere romten te stean, sa as benzinestasjons, supermerken en treinstasjons.
Neffens in wurdfierder fan Parcel4Me is de kâns grut dat de automaten earst yn de grutte stêden fan Fryslân komme te stean.