Mem Bouwmeester yn spanning

18 sep 2014 - 12:45

De mem fan sylster Marit Bouwmeester, Klaske, folget mei spanning de medaljerace dy't har dochter tongersdei sylt op it WK yn Santander yn Spanje. Marit Bouwmeester stiet op dit stuit op it earste plak yn it klassemint en kin wrâldkampioen wurde.

Se stiet 10 punten foar op de nûmer twa. De wedstryd soe tongersdei om 11.15 úteinsette, mar omdat der hast gjin wyn stiet is de wedstryd ferpleatst. Der sil no om 13.15 syld wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)