Personiel rjochtbank skrokken

Personiel fan de rjochtbank yn Ljouwert is skrokken fan it nijs dat al it kantoarpersoniel yn de takomst ferhuzet nei Grins. It bestjoer fan de rjochtbank wol it personiel fan de rjochtbankfêstigings yn Ljouwert, Grins en Assen by mekoar ha. Dat is nedich omdat it dêrtroch makliker wurkjen is.
De lêste oardel jier hat bliken dien dat it soms dreech rint yn de kommunikaasje tusken de trije lokaasjes. It personiel is tongersdei ynljochte oer de plannen. Foar 2020 moat de ferhuzing plakfine.
Der is troch it nijs in soad ûnrêst ûnder de 200 man personiel fan de fêstiging yn Ljouwert.