Jubileum foar SAR helikopter

18 sep 2014 - 12:05

Op de fleanbasis yn Ljouwert wurdt takom wike stilstien by it 55-jierrich jubileum fan de SAR-helikopter. Tiisdei is der in ynternasjonale SAR-oefening en woansdei is der in reüny fan meiwurkers. De SAR-hely is yn dy 55 jier mear as 5000 kear útflein om minsken te rêden.

It is tagelyk it lêste jier fan it pasjinteferfier fan de Waadeilannen ôf troch de SAR-helikopter. Definsje hâldt dêr yn 2015 mei op. In partikuliere partij sil it wurk dan oernimme. De ANWB hat oanjûn it ferfier oernimme te wollen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)