Bedriuwen helpe jeugd oan wurk

18 sep 2014 - 11:49

In groep fan 26 bedriuwen sil him derfoar ynsette om jongeren mear kâns te jaan op wurk. FrieslandCampina is dêr ien fan. Fierder giet it ûnder oare om Philips en Nestlé. De bedriuwen biede fakatueres oan foar starters, staazjes en ekstra learbanen. Dêrneist stelle se meiwurkers en kennis beskikber om jongeren te begelieden.

De bedriuwen hawwe dat tongersdei ôfpraat mei minister Asscher fan Wurkgelegenheid. De bedriuwen benaderje ek klanten om mei te helpen by it bestriden fan de jeugdwurkleazens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)