Sile yn binnenstêd Ljouwert

Der wurdt fan freed ôf syld op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. Op it plein stiet in grut bassin mei deryn 765.000 liter wetter út de Ljouwerter grêften. Yn it bassin fan 50 by 20 meter kinne bern it silen yn in optimist leare. De sylboatsjes hawwe allegear de namme krigen fan in bekende siler.
Der fart bygelyks in optimist rûn dy't de namme hat fan Marit Bouwmeester fan Warten. Bouwmeester is op it stuit yn it Spaanske Santander. Dêr wurdt it WK silen hâlden. Se stiet op dit stuit op it earste plak.
Tiisdei komt de hiele WK-sylploech nei Ljouwert. Dan wurdt it evenemint op it Aldehoustertsjerkhôf ôfsletten mei in brochje mei de sylploech. It wetter út it bassin giet dan wer werom de grêft yn.