Yntocht It Fean giet troch

Swarte Pyt moat swart bliuwe © ANP
De Sinteklaasyntocht op It Hearrenfean giet gewoan troch. Dat hat de organisearjende ûndernimmersferiening woansdeitejûn nei oerlis besletten De kommisjeleden wienen benaud dat Swarte Pyt miskien ferbean wurde soe. Yn dat gefal hoegde Sinteklaas neffens de ûndernimmers ek net mear te kommen.
Mar no't boargemaster Tjeerd van der Zwan oanjûn hat dat Swarte Piten gewoan wolkom bliuwe, giet de ûndernimmersferiening troch op âlde foet mei de organisaasje fan de yntocht.