Friezen stimme mei yn Skotlân

17 sep 2014 - 21:30

In lytse groep Friezen om utens stimt tongersdei mei oer de ûnôfhinklikens fan Skotlân. It giet om Friezen dy't al inkele jierren yn Skotlân wenje. Se hoege dêrfoar net in Britsk paspoart te hawwen.

Yn it referindum dat tongersdei hâlden wurdt kinne de Skotten stimme oft se by Grut-Brittannië bliuwe wolle of net. In delegaasje fan de FNP is tongersdei ek yn de Skotske haadstêd Edinburgh om te sjen hoe't it giet by it referindum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)