Margreet Mulder listlûker D66

Margreet Mulder is woansdeitejûn keazen ta listlûker fan D66 foar de steateferkiezings fan takom jier. Mulder komt fan It Hearrenfean en is op it stuit al steatelid foar de partij.
De leden fan D66 koenen fia ynternet stimme op trije kandidaten. Njonken Mulder wienen Sietze Schukking en Mark de Roo yn de race. Mei de útferkiezing fan Mulder is ek de kampanje fan D66 offisjeel úteinset. De steateferkiezings binne op 18 maart 2015.