Traaljestek fûn yn tsjerke

17 sep 2014 - 19:27

Yn de Petrustsjerke yn Twizel is by de restauraasje fan de tsjerke in hiel âld traaljestek ûntdutsen. Neffens tsjerkehistoarikus Sytse ten Hoeve komt it traaljestek út it begjin fan de santjinde ieu.

De fynst kaam net earder oan it ljocht, om't it stek oan beide kanten betimmere wie. De tsjerke hat by de restauraasje in húske en in keukentsje krigen. Ek is yn en om de tsjerke it paad stabilisearre. Dat wie nedich, om't der allegear hobbels yn sieten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)