Rekôr tal besikers Doniastate

It moaie waar fan de ôfrûne simmermoannen soarget wierskynlik foar in rekôr tal besikers oan bernebuorkerij Doniastate yn Stiens. Teamlieder Hille Bergsma ferwachtet dit jier op 90.000 besikers te kommen. Gewoanwei witte jierliks sa'n 60.000 minsken de Stienzer bernebuorkerij te finen.
Gasten komme benammen út Noard-Nederlân en foaral simmers ek fan de Waadeilannen. Doniastate is eigendom fan it wmo-bedriuw Wil dat ûnderdiel is fan soarchgroep Alliade. Sa'n fyftich kliïnten fan Wil binne deistich wurksum op de bernebuorkerij.