Fernuvere oer opskuor yntocht

17 sep 2014 - 16:08

Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean is fernuvere oer de diskusje oer Swarte Pyt. Neffens him is de gemeente net fan doel om it sinteklaasfeest te feroarjen. De ûndernimmersferiening dy't it feest organisearet, is benaud dat de yntocht net mei Swarte Piten is, omdat de gemeente oanjûn hat de diskusje yn Den Haach ôf te wachtsjen.

As bliken docht dat de Swarte Piten net komme meie, dan hoecht Sinteklaas fan de ûndernimmers ek net nei Hearrenfean te kommen. De organisaasje fan de yntocht hat woansdeitejûn in spoedoerlis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)