Twa rydbanen Hemriksein iepen

Website vrij-baan.nl © vrij-baan.nl
Automobilisten kinne sûnt tiisdei gebrûk meitsje fan twa kear twa rydbanen op de Wâldwei tusken Hemriksein en de Werpsterhoeke. Oant no ta wie hieltyd mar ien rydstrook oan beide kanten iepen. De dûbele rydstroken meitsje diel út fan de Heak om Ljouwert. Dy moat yn desimber klear wêze.
Begjin oktober folget noch in wiziging foar it ferkear by Werpsterhoeke: dan giet de nije Overijsselselaan iepen.