Ynrjochting by Lawei ûnwis

17 sep 2014 - 15:05
  • De Lawei wurdt ferboud
  • "Boukonflikt Lawei kin finansjele strop wurde foar gemeente Smellingerlân"

Wurk oan de nije ynrjochting fan it gebiet by De Lawei driget net mear útfierd te wurden, no't de ferbouwing fan de Drachtster skouboarch stilleit. De kommende twa wiken wurdt noch trochwurke oan it setten fan nije trottoirbannen en it lizzen fan strjitstiennen. Hoe't it dêrnei komt, is ûnwis.

Ferline wike tiisdei lei opdrachtjouwer De Lawei de bou fuortendaliks stil. Boubedriuw Van Novel waard fuortstjoerd om't it him net oan makke bou-ôfspraken hâlde.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)